SDS League: Bram pakt wykpriis!

Weppers woansdei 30-9
29 september 2009
Weppers tongersdei 1-10
1 oktober 2009

Tusken alle drokte troch hjir dan dochs noch de nije stân fan de SDS League.

Fansels wisten wy wol dat de froulju fan SDS DA1 in goeie kar makke hienen mei it oanwizen fan Bram van Beem as lieder fan harren ploegje, tegeare mei Tseard Hofstra. Bram bewiist dit no yn de SDS League troch gewoan de wykpriis te pakken. Hy hie mar leafst 56 punten en giet hjirmei fan 23e nei it 2e plak.


Bram bliuwt “Hey Ho Let’s Go”(WW) krekt 4 punten foar. Net frjemd dat ek dizze wepmaster op it heden folle punten pakt. Hy hat sneons yn de dug-out bulten tiid om oer syn team nei te tinken. Hy giet fan fan 40 nei 8.

De “Berrie Boys” fan Remco en Frank Bervoets en Pieter Sytsma stiet noch altiten boppe-oan mei 4 punten mear as Bram.

Hjalmar Ruiter hat it seker te drok mei it sykjen nei in húske en syn stúdsje, want hy sakket fan 5 nei 21.

Wy hawwe in nije “reade lantearn” yn de SDS League. Doede Rients Okkema nimt mei FC Supermario it lêste plak oer fan Sytsinho fan Sytse Hibma.  

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 3.