Weppers woansdei 30-9

Weppers tiisdei 29-9
28 september 2009
SDS League: Bram pakt wykpriis!
30 september 2009

Frijwilligersjûn
Freedtejûn wie de frijwilligersjûn fan de Stifting Skoalleseize. In grut ferskaat oan minsken wie hjir op ôfkommen. Bestjoerders, fjildfeinten, patatbakkers, biertappers, sneontemoarnkofjesetters, putsjedoggers, kantineoprommers, frisdrankbijfullers, prullebaklegers en oare frijwilligers. In wurdtsje fan de foarsitter, in stikje fleis fan de barbekjoe, in bierke út de taap, in muzykje út de boksen fan Jan Bouke en in lotsje om mei draaiend rêd in priiske te winnen. In tige slagge jûn.

De priis

De haadpriis op de frijwilligersjûn wie dit Cambuur sjurt. Ynlokkich hoe Ferry Duipmans mei it sjurt nei hûs gean, hawwe wij begrepen.

Seal
SDS 1 seal moat jûn ek al wer oantrede. Sij sille op ‘e Jouwer Haskerland bestride. SDS sil mei Jaap, Anne, Feite, Tsjipke, Tseard en Willem de Jousters bestride. Peter is blesseard. It begjint 8 oere, Dick.

Foto’s (1)
It is hast oktober en der binne noch te min alvetalfoto’s fan de senioren. Wij roppe de lieders fan SDS 3, SDS 4,  en SDS 6 om kommende sneon in foto meitsje te litten. SDS 5 sil noch in wike wachtsje moatte, want sij hawwe sneon al wer frij.

Foto’s (2)
Ek bij de jeugd liket it noch op fleanen mei de groepsfoto’s: A1, B1, C1, C2, D3, E2, E4, F1 en F2 binne net aktueel op dit momint. Mei klam freegje wij de lieders om te organisearen dat der in foto makke wurdt.

Foto’s (3)
De foto’s fan de frouljus teams binne klear. Super froulju!

Foto’s (4)
Wy fûnen noch wat aksjefoto’s fan ôfrûne sneon fan Harkemase Boys 2 – SDS 2. Klik
hjir om se te besjen. Frjemd genôch koenen wy gjin aksjefoto fine fan ien fan de wepmasters.

SDS League
Wy hoopje dizze wike noch de nijste stân fan de SDS League publiseare te kinnen. Wy kinne noch net sizze wannear, want de tiid ûntbrekt wat dizze wike.

Beoardiele
Op
www.allevoetbalvelden.nl kinne je oare klups beoardiele op in oantal kriteria. Der stiet al ien beoardieling op fan SDS. In supporter fan Ljouwerter Sweltsjes dy’t lovend is oer de kantine en de gehaktbal. Sjoch hjir syn ferhaal.

Harsens derby (74)
Ronaldo (dy dikke út Brazilië) makket noch altiten goals as ripe appels fan de beam falle. It wurdt allinnich ek net al te dreech makke: