Weppers tongersdei 1-10

SDS League: Bram pakt wykpriis!
30 september 2009
Weppers freedtemiddei 2-10
1 oktober 2009

SDS 1 20.00 traine
SDS 1 traint jûn om 20.00.

SDS 1 seal ûnderút
Dde sealfuotballers hawwe juster mei 7-3 ferlern fan Haskerland 1. De SDS’ers foelen mei man en macht oan, mar krigen hieltiten it heft op ‘e noas nei wer in deadlike kounter. 5 minuten foar tiid kaam SDS noch wol efkes oan ’t 5-3, mar nei wer in snelle útfal en in goal wie it gebeurd. Feite, Tsjipke en Willem makken de goals foar SDS.

De Grutte klupaksje
De Grote Club Actie lotten komme der wer oan!!

Se binne € 0.50/stik djoerder wurden neffens ferline jier,

mar dit jier is it de bedoeling dat elk lid 2 lotten keapet.

Dus 2 lotten foar € 6.00.

Ik kom se ynkoarten bringen by de lieders fan de A’s, de B’s,

it 1e, 2e, 3e, 4e, 5e, 6e en DA1 en DA2.

Jim meie se self hâlde of trochferkeapje.

SDS hâldt hjir dan sa’n dikke € 800 fan oer, toch wol

tige de muoite wurdich.

Gr. Immie


Rûnom Easterein 2009

It giet foarspoedich mei de opjeftes, oant no ta binne der 40 manlju en 13 froulju dy’t harren offisjeel opjûn ha. Derby moat wol oantekene wurde dat we noch wachtsje op de twa frouljuteams fan SDS(!!).

Noch efkes oer de dei sels, snein 11 oktober. It wedstriidparkoers fan sa’n 13 kilometer (de manlju fytse dit rûntsje trije kear, de froulju twa kear) mei de start foar Kafee Bergsma liedt ús lâns Itens, Rien, Reahûs, De Kliuw en wer Easterein. 
Fansels fytse we ek wer troch de kroech hinne!

Neist prizen foar de winners binne der elts rûntsje ek wer prizen te fertsjinjen by in tuskensprint.

It programma foar dizze dei sjocht der sa út:

13.00 oere     Sammelje by Kafee Bergsma

13.30 oere     Mei-inoar spagetty ite

15.00 oere     Start fytswedstriid (manlju én froulju)

Nei ôfrin is der muzyk yn Kafee Bergsma fan Special Treatment!

De kosten foar dit spektakel binne  €15,-, dit is ynklusyk it iten. Derby moat eltsenien sels foar 

in (race)fyts soargje. Let wol, dielname is gehiel op eigen risiko!

Binne jimme klear foar dizze útdaging? Jou jim, manlju én froulju, dan no op by 

Dirk-Yde: dysjaarda@gmail.com

Opjefte kin noch oant kommende snein!

Groetnis,

Anne, Dirk-Yde, Feite en Robert

Knappe goal
Ek yn de 2e-divysje yn Noorwegen falle somtiden knappe goals: