Weppers tongersdei 10-3

Weppers woansdei 9-3
8 maart 2016
SDS League: "Boldert" pakt wykpriis!"
10 maart 2016

VR 1 winne
Wij makken de kop fan dit stikje al yn it skoft fan de wedstriid sc Bolsward VR2 – SDS VR1. Jacomien Heeres joech ús troch dat it 1-5 wie en dat like ús doe al genôch om de dizze kop der boppe te setten. Yn de earste helte wiene de doelpunten fan Sieta Tessemaker, Jeska Terpstra (2) en Tjitske Heeres (2). De twadde helte levere ek noch trije doelpunten op. Ilse Walstra skoarde twa kear en Tjitske liet it net noch ien kear trilje. Einstân 1-8.

K…ten#!
Kirsten Hiemstra fuotballet al moannen net by SDS Vr.1 om ’t sy lêst fan de knibbel hat. No docht bliken dat sy in skuorke yn de krúsbân hat. Sy stiet no foar de drege kar om te stopjen mei fuotbaljen of har opereare te litten. Wy winskje har hjir in protte súkses by en betterskip!

Operereard
Frans Munsterman wurdt hjoed opereard oan syn meniskus. Wy winskje him in hiele protte súkses ta!

Programma sneon
Juster hiene wij al in wiziging yn it programma fan sneon trochjûn, hjoed krije wij wer in oanpassing troch op datselde diel fan de dei.
SDS C1 – AVC C1 om 8.45
SDS A1 – Terschelling A1 10.10
SDS C3 – ST SJO Oudega/HJSC/Heeg C3 12.15
Wij hope dat er freed in kompleet nij programma makke is, wêr’t wij nij ferwize kinne.

Kantine
Fannejûn wurdt it fêst wer in noflike jûn yn de kantine. Pieter Wesselius stiet efter de bar en de Europa-League-kraker Liverpool – Manchester United is te sjen op it grutte skerm.

SDS 3 en 4
SDS 3 en 4 sille jûn foar it earst nei de winterstop wer traine. Mei sok moai waar moat dat slagje tochten wy sa.

SDS League
Spannend, spannend, spannend! De nijste stân fan de SDS League leit jûn yn de kantine en stiet hjir moarn op de webside.

Lokwinske!
Sawol Inne Heerma fan A1 as Jan Sytsma fan B1 binne hjoed jierdei! Beide fan herte lokwinske!

Nije paskes!
Mochten der leiders wêze dy ’t nije paskes misse fan spilers fan harren team dan lizze dy mooglik yn de kast yn de bestjoerskeamer.

De nije Treffer
De Trefferredaksje hat fannejûn in gearkomst yn de kantine. Hawwe jim noch tips foar de nije Treffer lit it harren dan efkes witte en mail it oars nei DeTreffer@vv-sds.nl.

Ferlingd
By vv Nijland hawwe sawol trainer Douwe Posthuma as Pyt Nota harren kontrakt ferlingd. Sy geane op nei it 4e kontrakjier (sjoch ek hjir).

Harsens derby (1686)
De barkeeper fan jûn gie tiisdeitejûn ûnderút op trainen. Hy foel sis mar troch de wyn. Lykas dizze! Mar dat kaam fan oare wyn…….