SDS-League: ‘BarbEeltsje’ de nije koprinner!

Foto’s 1996-2004
5 april 2021
Weppers sneon 10-4-2021
10 april 2021

It is ‘BarbEeltsje’ Postma dy ’t de kopposysje oernimt fan Gerlof-Jan Hofstra. It ferskil is net sa grut…….. ‘BarbEeltsje’ hat ien puntsje mear as ‘FC Op nei de Top’ fan Gerlof-Jan. ‘Okke Boys’ fan Okke van der Kamp stiet op twa puntsjes.

Mei de wykpriis hie Eeltsje minder gelok……. Sawol mei ‘BarbEeltsje’ as mei ‘MarkrEeltsje’ (Marije & Eeltsje) grypt hy mar krekt njonken de wykpriis. Sa kaam hy 2 en 3 puntsjes tekoart.

It is ferrassend ‘De Regenjas’ fan Thor Ruiter en Kristian Gaastra dy ’t de wykpriis pakt. Sy hienen mar leafst 60 punten en dat wylst sy ûnderyn op it 47e plak bungelden. De foarige edysje fan de SDS-League hawwe sy noch wûn.

Underyn docht ‘Dy Kloaten’ fan Thys Bruinsma der noch alles oan om de poedelpriis te ûntrinnen. Hy sil dan noch 56 punten goed meitsje moatte op ‘FC Mukkes’ fan Kevin, Mark en Wessel. Wy binne benijd!

SDS League 2020-2021 twadde helte stand wike 7