SDS League: Balletje, Balletje pakt wykpriis!

Weppers tongersdei 4-12
4 december 2014
Seleksjes sneon 6-12
4 december 2014

Ús puntenleverancier Gratis Voetbalmanager is der mei stoppe……….
Dat is lestich, mar
wy binne fansels net foar ien gat te fangen. 14 jier lyn begienen wy ek troch de punten hânmatich yn te fieren en lokkich genôch binne wy dat noch net ferleard. It ienige ferskil is dat it opmeitsjen fan de stân no in pear oeren langer duorret. Jim sille dêr fierder net folle fan merke, dus geane wy yn elts gefal sa troch oan ’t de winterstop.

Oer de top 2 hoefe wy it neffens my net mear te hawwen…..

Grietzen Broersma pakt dizze wike de wykpriis mei “Balletje, Balletje”. Hy bliuwt “Team Sytsma” en Sjoerd Rispens mei “Algemeen Fons” krekt foar.

Alderaardichst dat dy foarsitter fan de SDS-League no sels de punten ynfiert, mar dat betsjut fansels net dat hy no “Hey Ho Let’s Go” mar 8 punten hoecht te jaan….. Om my komt
Gratisvoetbalmanager.com dizze wike noch wer yn de loft.

Johan Delfsma pakt dizze wike mei “Swarte Pyt” mar 9 punten. En it sit him op it stuit al sa tsjin:


“DDR” pakt foar it earst yn wiken mear punten as neiste konkurrint “FC BAK” fan Boudewijn en Almar Kramer. Soe der dan dochs mear ynsitte as it lêste plak?

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 9.