Weppers tongersdei 4-12

Nijjiersgearkomst/snertrin 2015
3 december 2014
SDS League: Balletje, Balletje pakt wykpriis!
4 december 2014

Sinterklaasjûn by SDS 2
Mar leafst 21 man sille jûn Sinterklaas fiere yn de kantine. Mochten jim dus jûn wat swarte pyten riden sjen mei grutte frachtweinen dan witte jim wêr ’t sy hinne moatte.

Gjin Piet
Piet Roersma soe jûn trainen jaan oan SDS 2, mar hy hat troch in ûngemakje in dikke foet. Hooplik is hy der sneon wer.

Oare Pyt!

SDS C1 on tour!
SDS C1 gie snein te paintballen yn Lollum! Akke Rixt en Pieter de Boer hawwe mei de mannen en froulju in kâlde mar machtige teambuilding belibbe. Dit moat wol punten opsmitte!


SDS League……….
Wy hoopje hjoed mei de nijste stân fan de SDS League te kommen, mar nei
dit berjocht koe dat wolris lestich wurde………..
Dochs rekkenje wy der op dat de stân jûn yn de kantine leit.

Harsens derby(1386)
Wy binne net sa wei fan schwalbes. Dit is wat oars. Dizze moat wol troch in slang biten wêze………


Letter mear!