SDS League: Ayaan en Dooitze pakke wykpriis!

Weppers woansdei 8-10
7 oktober 2014
Weppers tongersdei 9-10
8 oktober 2014

Dizze wike twa wykpriiswinners yn de SDS League. Sawol “Op Skobberdebonk” fan Dooitze Nauta as Ayanle Barkat mei “FC Duits” pakten 34 punten en bliuwe hjirmei “Algemeen Fons” fan Sjoerd Rispens krekt ien puntsje foar.

It is mar goed dat Ayanle in heale wykpriis wûn hat, want hy sil it yn Terwispel wol opmeitsje by
Jolke.

Ayanle by Wispolia yn Terwispel

Foar €6,25 binne der noch best aardige strúkjes hier te krijen. Miskien wat foar Dooitze:

Dooitze yn de (h)jierren 70

Sjoerd Rispens sil fêst net lang treure om it misrinnen fan de wykpriis. Hy stiet noch altiten boppe-oan en pakt sels in gatsje fan 3 punten op nûmer 2 “Torpedo(Jaap) Toering”.

Jelmer Posthumus is op “oefening” mei de lju fan definsje en dat docht him blykber goed. Hy giet dizze wike mei “Postmeister” fan it 22e nei it 11e plak mei 32 punten.

Mei sommige fuotballers witte je nea hoe ’t it rint. Sa makke Perica(NAC) foarige wike noch twa knappe ûnferwachte goals tsjin Ajax, mar no pakte hy samar in reade kaart……..

Mei it team fan Johan Delfsma giet it net goed. Hy stie al net sa heech op it 51e plak, mar sakket no ek noch nei iit 53e plak. Wy binne benijd wa ’t der binnenkoart de “Zwarte Piet” krijt……….

It mei dúdlik wêze dat Boudewijn Kramer goed yn de lappenmand sit. Hy pakt dizze wike tegeare mei Almar mei “VV BAK” mar ien skamel puntsje……..


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 3.