Weppers woansdei 8-10

Dooitze Nauta’s taken
7 oktober 2014
SDS League: Ayaan en Dooitze pakke wykpriis!
8 oktober 2014

Programma sneon
Kommende sneon is der wer in aardich programma. Jim kinne it hjir sjen. Sa te sjen is SDS A1 al ôflast.

Rentree
Jelle-Jan Visser soe kommende sneon dan eindelijk syn rentree meitsje kinne by SDS no ’t de KNVB grien ljocht jûn hat. Tige spitich is it dan ek dat SDS A1 sneon net troch giet.

SDS-hoodies
De kans is grut dat der spesjaal foar famkes en froulju SDS-jacks komme dy ’t spesjaal foar harren binne. Dat wurde heechstwierskynlik èchte SDS-hoodies. Wat SDS-hoodies binne? Dat binne sis mar SDS-trainingsjacks mei mutsen (…..foar mutsen).

SDS D1  –  Leeuwarder Zwaluwen D3
Op in prachtig koart meand haadfjild spyle SDS D1 ofrune sneon tsjin Leeuwarder Zwaluwen ut Ljouwert. Op papier moast dit kinne en doe de gasten ut Ljouwert it fjild op kamen, tochten de jongens fan SDS, die kinne we wol ha. Hast allegeare earste jiers D’s, dus se wiene net al te grut. Ik hearde noch ien fan de taskouwers (Fokert Rients) sizzen: Pak it telraam der alfest mar by !!!!!!  Mar dat run efkes hiel oars. Der wie mar ien ploeg die fuotballe en dat wiene de mannen ut Ljouwert. Mei moai kombinaasjespul  lieten se us alle hoeken fan it fjild sjen. Dochs kamen wy, tsjin de ferhalding yn, op in 1 – 0 foarsprong troch in goal fan Tjerk. Leeuwarder Zwaluwen bleauwde de bettere ploeg, mar tot hiele grutte kansen kamen se net.  In ofstanskot fan Douwe Jan bedarre achter de keeper en sa stie it samar 2 – 0 foar us. Foar rest makke Leeuwarder Zwaluwen ut in hoekskop de fertsjinne oanslutingstreffer. We hiene foar de twadde helte ofpraat dat de beuk deryn moast. At je in fuotbaljend net winne kinne, dan de duels mar probeare te winnen.  Undanks dat wy hast allegeare grutter wiene as de tsjinstanner, koene we ek de twadde helte de duels net winne. Leeuwarder Zwaluwen kryge kansen, mar ek wy krigen noch in oantal grutte kansen. Sa koe us spits in oantal kearen allinich op de keeper of, mar hy skoarde net. Ek Leeuwarder Zwaluwen skoarde net mear, sadat wy wer in oerwinning byskriuwe kinne. Mar o, o, wat ha we in gelok han. Komplimenten oan Leeuwarder Zwaluwen, die de saakjes der hiel goed foar elkoar ha. Mar ja, miskien moat je gelok ek wol in bytsje ofdwinge (Ajax wint ek wolris yn e Kuip). Nye wike tsjin de Ouwe Seunen ut Harns, Zeerobben dus.  Sunt sneon stean we wer boppe oan, we sille sjen at we dit festhalde kinne !!         
Theo.

Woansdeitejûn gjin sealfuotbaljûn?
Nei de winst fan foarige wike hawwe de sealfuotballers fan SDS 1 fansels hielendal de smaak te pakken. Spitich genôch binne sy dizze wike frij. En nije wike ek. Woansdei 22 oktober giet it wer oan mei in thúswedstryd om 20.30 tsjin SWZ Sneek 4.

SDS League
Rekkenje der mar op dat jûn de nijste stân fan de SDS League hjir op de side stiet.

Alderaardichst
By FC Utrecht wisten sy op de “Bunnik-side” sneon foar de wedstryd al dat it neat wurde soe tsjin Go Ahead Eagles.
fashion2

Harsens derby(1350)
Neffens de ferhalen makke Pelé yn 1959 de moaiste goal ea. Spitich genôch wienen hjir gjin bylden fan. Lokkich genôch is der no mei help fan fideo-animaasje in rekonstruksje makke. Dy mei der wêze lykas de goal: