SDS League: Appie pakt de wykpriis!

Weppers woansdei 19-11
17 november 2008
Weppers 20-11
20 november 2008

Sa ’t wy al tocht hienen leit it team fan Lolke Hofstra op syn gat. Mei mar 25 punten docht hy ôfstân fan syn earste plak. Foar “Hallo Venray” liket it dus mear op “It Bestuuuuhhhh, Venray”.

It is Gert-Jan Hiemstra dy ’t sa as ferwachte de kopposysje oernimt. Dit wylst hy ek “mar” 42 punten hie. Foar Gert-Jan dizze wike dus dochs noch in lyts ljochtpuntsje nei de grutte nederlaach fan PSV yn de Arena.

It is “Banzai” fan Appie Posthumus dy ’t de wykpriis pakt. Hy hat krekt in puntsje mear as “Atletico Easterein” fan Foeke Reitsma.

Dy skorsingen by SDS 1 komme Mark Postma hielendal net sa gek út. Hjirtroch hat hy wat mear tiid foar syn team yn de SDS League. Hy giet dizze wike al fan 6 nei 4. Noch twa lytse skorsinkjes foar de winterstop en hy stiet boppe-oan……..

“SC Hinnaard” fan Immie Kamstra is dizze wike de grutte ferliezer. Sy pakte mar 6 punten. Sy is sakke nei it op twa nei ûnderste plak en stiet noch krekt boppe “Sa Sawat”(Klaas Pompstra) en “It 30+team”(Aant Hofstra).

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 7.