Sneon frij SDS A1 hat sneon in frije dei. We hoege net foar de kompetysje en der wurde net oefene. Dat komt moai út foar in oantal spilers, want dy hienen al wat oars. Klaas Pompstra Soenen de A’s nei Sinterklaas moatte???
Hoe is it mei……? Jort Strikwerda rekke ôfrûne sneon blesseard by SDS A1. Hy hat fan ‘e wike op krukken rûn en sil moarn by de húsdokter sjen om te hearen hoe ’t it fierder moat.
Wer berikber It hat efkes duorre mar Enne Bruinsma is wer berikber fia de mail:
He He ik ben ook weer online ga vandaag alle email lezen
Fan herte lokwinske! Út betroubere bron hawwe wy fernaam dat âld-SDS 2-trainer Hylke Schrale juster heit wurden is fan in soan. Sy namme is Roan. Klik hjir om Hylke en de frou lok te winskjen.
Rêchnûmerkwis Foarige wike stie hjir de link nei de rêchnûmerkwis fan de VI. Christian Zijlstra wist ús alle goeie antwurden te mailen. Wy hawwe begrepen dat Sytze Kooistra en Hjalmar Ruiter ek in hiel ein kamen. Sjoch hjir foar alle goeie antwurden.
Tip! Wy krigen in aardige tip binnen fan Dick Schuurman. Folgend wykein hawwe sy by Discovery Channel(sykje it net mar fêst op) in temawykein oer fuotbaljen. Dat is net gek fansels. Hielendal om ’t sy derby ek noch inkelde eredivisie-wedstriden streekrjocht útstjoere. En dat binne net de minsten, namelijk: SC Heerenveen – PSV, AZ – FC Groningen en Ajax – Utrecht (sjoch hjir).
Cristiano Ronaldo (4) Ek Cristiano Ronaldo hat wolris in lyts ûngelokje: