SDS League: "Allè ballè oPèlle" pakt wykpriis!

Weppers woansdei 12-3
11 maart 2014
Weppers freed 14-3
13 maart 2014

It is “Algemeen Fons” fan Sjoerd Rispens dy ’t dizze wike samar efkes de kopposysje pakt. Hy nimt dit plak oer fan “Don’t Wari” fan Ralph Wariman dy ’t ien plakje sakket. “FC Dronryp” makket in flinke klapper fan ‘e wike troch fan it 20e plakje nei it 3e plak te gean.

De skorsing fan Pèlle docht no al fertúten. Dirk-Yde Sjaarda pakt mei “Allè ballè op Pèlle” namelijk de wykpriis en bliuwt Jaap de Blaauw mei “Friesland United” krekt 3 puntsjes foar.


Jaap wiis mei hast de wykpriis en de lytse poppe.

Louis van Gaal seit dat je better fuotbaljen gean as je krekt in
lytse poppe krigen hawwe. Miskien is it dan in idee dat Jaap Toering sneon keepen giet, want syn team yn de SDS-League presteart yniens in stik minder. Hy sakket fan it 37e nei it 53e plak.

Anne Stenekes hie twa doelen dizze edysje. Hy woe fansels mei “Anne Steen op Nr 1” en oars yn elts gefal boppe “FEITE” eindigje. Dit lêste giet wol aardich, want Anne stiet 5 punten foar. Net sa goed foar it selsfertrouen is miskien wol dat “FEITE” noch yn in âlde opstelling fuotballet en Anne der oeren op sitten hat te stinnen om in goed team ynelkoar te setten. En dat foar in 65e plakje……

“FC Pie & Mel”(Pieter Wesselius) slacht in grut gat (25 punten) mei “FC De Boer”, sadat Rients noch altiten stiif ûnderoan stiet.


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 4.