Weppers freed 14-3

SDS League: "Allè ballè oPèlle" pakt wykpriis!
13 maart 2014
Seleksjes 15-3
13 maart 2014

Programma
12 thúswedstriden en 11 útwedstriden stean der op it programma foar sneon. Publykslûker is fansels SDS 1 – Workum 1. Slút SDS dochs noch oan bij de top?

Programma (2)
It boppesteande berjocht klopt al net mear. Der is ien útwedstriid minder want Nijland 3 – SDS 4 giet net troch.

Efkes Balje
It is wer freed. Woartels en fisk foar de katoliken, snekke foar de boufakkers en neat dwaan foar de âlde lullen.  Mar om 19.30 is elkenien wer wolkom dy’t ris efkes in baltsje skoppe wol.

Fyts
Wêr soene wij wêze sûnder fyts. Thijs Zonneveld is stikjeskriuwer bij it AD (en in boppstebeste fine wij) en hij sjocht mooglikheden om mear mei fytsen bij it fuotbal te dwaan. Lês mear oer 
syn idee.

Lex Immers
Je kinne op ferskeidene manieren nei fuotbaljen sjen. Dizze lju sjogge der op in manier nei dat Lex Immers ien fan de beste spilers fan de Eeredivisie is.
Soks liket ús no ynteressant.

Harsens derby(1229)
Dy Europa League is noch hielendal net sa gek: