SDS League: "Algemeen Fons" bliuwt oan kop!

Help SDS oan ING!
20 maart 2014
Seleksjes 22-3
20 maart 2014

Foar it earst dizze edysje fan de SDS League rint de koprinner net in “wiete broek” op nei de kopposysje pakt te hawwen. Lykas ferline wike stiet “Algemeen Fons” fan Sjoerd Rispens dan ek “gewoan” noch boppe oan.

Is Sjoerd no it libbene bewiis dat de SDS League neat oars as in geloksspultsje is?

Sjoerd stiet dan wol boppe-oan, mar moat syn earste plak wol diele, want nei in knappe wedstryd yn SDS 1 keept te hawwen hat Marten Faber de wei “Op nei de Top” wer te pakken. Hy giet dizze wike fan it 15e nei it dield 1e plak.

De ferskillen boppe-yn de SDS-League binne net sa grut. Sa hat de nûmer 1 mar 8 punten mear as de nûmer 15.

De “wiete broek” is dizze wike foar Durk (ik mei net g)Okkema. Nei wiken yn de top 10 sakket hy no yniens mei “Okkiedokkie” fan it 3e nei it 32e plak.

Fan de wykpriis bliuwt dizze wike net folle oer. Sawol “Anne Steen(ekes)”, it “Pro-team”(Gert-Jan Hessels) as it “Hiemteam” pakten de wykpriis. Foar de lju fan it “Hiemteam” bliuwt der hielendal net folle oer. It 3e part fan de wykpriis mei ek nochris ferdield wurde tusken Marrit, Niels en Gert-Jan.

Mei 23 punten hielendal net sa ’n slappe wike foar “FC Pie & Mel”(Pieter Wesselius), mar dochs bliuwt hy ien nei lêst. “FC De Boer”(Rients) bliuwt reade lantearndrager mei in respektabele efterstân fan 33 punten.


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 5.