SDS-League: ‘Aan de kant ik moet naar het stadion’ pakt de wykpriis!

Weppers snein 1-5-2022
1 mei 2022
Sneon reuny âld-SDS 1 kampioen 1979-1980
4 mei 2022

De wike fan Sjoerd van Beem kin net mear stikken. In puntsje mei sc Heerenveen tsjin sc Cambuur yn ekstremis en no ek noch de wykpriis mei ‘Aan de kant ik moet naar het stadion’. Mei 54 punten bliuwt hy ‘Covid-11’ fan Dirk Stegenga 2 punten foar en hy rint ek noch 28 punten út op Jaaps ‘Torpedo Toering’.

‘Op nei de Top’ fan Marten Faber bliuwt boppe-oan stean, mar nûmer 2, Seriette Strikwerda rint mei ‘Tadic on Fire’ al wer 8 puntsjes yn nei ferline wike ek al 7 punten ynrûn te wêzen.
Tsjalling Sikma docht mei ‘FC Dronryp’ op ‘e nij goeie saken. Hy himt it 3e plak oer fan Durk Okkema mei ‘vv DWO’.

Bas van der Weij liket ynmiddels ‘Kansloos’ foar in goeie klassering. Hy stie aardich boppe-yn, mar nei 2 minne wiken stiet hy no ynmiddels 12e.

Hendrik Eringa giet mei ‘Paranoid’ fêst noch foar de poedelpriis, mar hy rint al wer 15 punten yn op ‘FC Bal op het dak’ fan Annejan Hallema. It gat is no noch mar 13 punten.

 

SDS League 2021-2022 stand twadde helte wike 11