Weppers snein 1-5-2022

Sneon 30-4-2022
29 april 2022
SDS-League: ‘Aan de kant ik moet naar het stadion’ pakt de wykpriis!
2 mei 2022

Topper

Jelte Spoelstra fan de JO19 mocht juster by SDS 3 keepe as 9e keeper fan SDS 3 dit seizoen. Hy die dit mei ferve en keepte in prima wedstriid. In topper!

Toppers

Bauke Dijkstra en Ewout de Boer gienen juster mei SDS 1 mei wylst sy in uitje hienen mei SDS 2. Uteinlijk kaam Ewout net iens oan fuotbaljen ta om ’t hy yn de warming-up útfoel nei in botsing mei Bauke syn skoen. Sjoerd de Boer en Douwe-Jan Vellinga soenen nei de wedstriid mei SDS 2 tsjin sc Franeker nei Luttelgeest ride om op de bank plak te nimmen, mar Douwe-Jan wie stikken en Sjoerd blesseard. Dochs super dat Sjoerd noch mei Anco Bervoets nei Luttelgeest riden is en dat Anco op de bank plak nommen hat. Toppers binne jim!

Penaltystippen net brûke

It keunstgersfjild leit no 6 jier te plak en is ûnderhevich oan slitaasje. Yn 2019 is ien penaltystip alris ferfongen, mar hy is no alwer stikken en oan ferfanging ta. Graach de penaltystippen net brûke mei it trainen sadat wy nei dit seizoen wer nije penaltystippen oanlizze litte kinne.

SDS’ers der op út!

Dirk en Mika de Jong binne justerjûn nei Ajax – PEC Zwolle west lykas Wessel Schraa.

SDS’ers der op út! (2)

Gert-Jan Hiemstra is it hiele wykein nei Eindhoven mei soan Jorn om hjoed PSV – Willem II by te wenjen.

SDS-League

Wy hoopje moandei of tiisdei mei de nijste stân fan de SDS-League te kommen.

Harsens derby (2373)

Tingelingeling!