SDS League: 50 Gerardcent grutte winner

Wepperkes (woansdeitemiddei)
28 september 2004
Nijlân is al klear foar de derby
29 september 2004

Efkes letter dan ôfpraten is hjir dan de nije stân fan de SDS League. Wy hawwe alwer in nije koprinner. It binne “De Puntenpakkers” fan S.P. Grutte winner fan dizze wike is echter “50 Gerardcent” fan (hoe kin iy ek oars?) G.v.A. Hy pakt dizze wike de wykpriis en giet fan 20 nei 2(!!). Neidat hy sa skrokken is fan dy krekel by Hendrik yn ‘e auto hat hy dit al fertsjinne.

Der wienen noch 2 flinke stijgers yn ‘e League; De Verstandhouding fan H.E. gie fan 19 nei 5 en FC De Houthakkers fan RJ gie fan 23 nei 6.

De winners fan de earste wykpriis meitsje in frije fal troch. Robert Sybesma giet fan 17 nei 34 en stiet Te Plak(A. en P.W. fan 10 nei 29).

Ûnderyn is der fansels ien grutte ferrassing. OKB(S.S.) nimt ôfskie fan it ûnderste plak en stiet sels 2 nei lêst. The Mean Machine(SW) nimt syn plak oer en stiet lyk ek fier ûnderoan mei 10 punten efterstân op de nûmer 1 nei lêst; FC De Campione fan F.B. út Littens.

Groeten, Willem.

Sjoch hjir foar de nije stân:
wike 3