Nijlân is al klear foar de derby

SDS League: 50 Gerardcent grutte winner
29 september 2004
Sealwepperkes (tongersdei)
30 september 2004


Nijlân 1 is klear foar de derby!

Rommelt it yn Easterein?
Sneon 9 oktober sil SDS 1 yn karavaan nei Nylan ta sette. (Wol achtermekar hearen, lit gjin gatten falle !!) As alles sa gjit sa as it no sjit sille we 3 punten foar stean op dat stuit, want ik gean der net fanut dat beide teams sneon winne sille. Spannend wurdt it yn alle gefallen, want it binne wedstriiden op sich. Een oantal jirren lyn wiene der wat flegels die mei blauw lint en verf oan it kliederen wiene west, wat natuurlik fan een betinklik niveau is… Wij ferwachtsje ek net dat it sich herhelje sil, al binne we altiid yn foar een grapke.
Sneon ha we yn els gefal al lake om ien fan de wit-swarte spionnen, die sa under de indruk wie fan allinnich al de warming-up fan Nijlan, dat hij sa  mei syn kop tsjin een blauw-wite peal oprun.
Mar goed, wij ha een analyse probearjen te meitsjen fan it spul fan SDS en dat is nog net sa maklik, kamen we achter. It begrip ‘zonedekking’ skrokken wij nogal fan. Want  ja, as it sa simpel is as us docht tinken dan sitte we yn Nylan mei een probleem. De opset is neffens us dat jimme op jim plak stean bliuwe en der net wei komme, ek al doche we it noch sa raar… (Miskien bliuwe wij ek mar gewoan stean, dan sille we nog een moai partijtsje krije.) Hjir oer moatte we mar ris stinne, mar earlik sein is der op it stuit ferwarring alom.
De opstelling witte we de tongersdei foar de tiid al, want as we dan yn ‘e Wommelser(is dat spesjaal foar de wedstriid tsjin Nijlân??) bosken sitte mei us kieker, sjoche we dochs gewoan wie een hesje oan hat. (krekt echt, no) Derneist hoopje we op een soart blesseerden, net om it leed, mar mear om it feit dat we der op gokke dat der gjin spilers fan it twadde mei it earste mei maaie dwaan, wat betekenje soe dat Lykle sels yn ‘e spits moat. (yn ‘e taberieding hiene we soksawat heard?..)
Daan Boersma soe leauw ik flagje en der wiene wij hielendal net blij mei. We ha utsocht dat je mei 1,4 promiel alcohol yn’t bloed net mear flagje meie, dus een simpele test sil Daan butenspul sette. Fjirders hoopje we dat Wichard op’e rjochtsback stjit, dan kinne we dy opbouwe litte. Die grienteboer sette wij een hurddraver op en dan ha we de belangrykste angels der ut helle, tochten wij.
En dan de Bunnikside, wat moatte jo der oer sizze? Een swier underwerp wer we earlik sein it meast benauwd foar binne. Bij kwetsende of discriminerende sprekkoaren, wurdt de boel staakt, dat is it ienige wat we fan te foaren sizze kinne.. Hope dat Vellinga de gebroeders Oane(riitititiii) en (big)Willem Tamminga net mei nimt achter op syn nije weduwe. (stjit de alde fyts soms bij it fjild fan Nylan?!)
Rest mij te sizzen dat ik der sin yn ha en hoe dan ek mei syn allen een bierke nimme, as twa. Succes sneon en meitsje jim net te drok, immers, wij hiene foarich jier yn desimber ek nog mar 9 punten.

Ate’s Feike’s de Boer