Wepperkes -tongersdei-

SDS League: 50 Gerardcent boppe-oan!
7 oktober 2004
Beste Ates Feikes de Boeres
7 oktober 2004

Futsal: SDS 1 nei de folgende ronde
SDS 1 hat justerjûn de 3e ronde helle fan de beker. Thús waard tsjin Elim mei 6-6 lykspile. Nei in attraktyfe wedstriid naam SDS de strafskoppen better. Lês
hjir it hiele ferslach.

Willem di Luca!
Justerjûn barde der wol hiel iets opmerkliks yn de strafskopserie fan SDS 1 tsjin Elim. Neidat Elim syn 5e penalty nommen hie en ferlern hie mei 3-2 moast SDS de serie ôfmeitsje fan de skiedsrjochter. Elim wie begûn mei it strafskopnimmen en hie dus al ferlern. De jonges fan SDS waarden al felisiteare en de keeper die de wanten al út. De skiedsrjochter stie der op dat ek de lêste penalty nommen wurde moast. Mei grutte ferbazing seagen it publyk en de spilers doe ’t Willem syn oanloop naam foar de lêste penalty. Mei it sjirt oer de kop en de keeper op ‘e goal kaam hy op de bal ôf. Lyk as yn ‘e reklame(Lucaaaaaaaa!) gie de bal der fansels yn en de keeper hie gjin kans. SDS troch nei de folgende ronde.
(Klik hjir om te sjen hoe ’t Luca de penalty nimt krekt as Willem juster die)

Dirk wurdt holpen
Dirk de Jong docht der alles oan om wer fuotbalje te kinnen. Syn knibbel is noch altiten net ynoarder en hy moat him der oan helpe litte. Hy is fan ‘e wike by in dokter yn Drachten west en dy wol oer 2 moanne Dirk syn knibbel wol reparearje. Dirk ferwachtet oan it begjin fan folgend seizoen wer fuotbalje te kinnen.

Nijs út Nijlân
Moarntemoarn kinne jimme hjir wer nijs út Nijlân fine. Sy binne hielendal klear foar sneon en hawwe der nocht yn. Neffens de Nijlânners hawwe sy hun húswurk goed dien en hawwe de SDS’ers gjin geheimen mear foar de Nijlânners. Lês it hjir moarn!

Leider lijdt?
De lieder fan SDS, Anne Brouwer, wurdt de hiele wike al lêstich fallen troch in supporter fan Nijlân. Moarn kinne jimme hjir sjen hoe.

Gastenboek Nijlân
Yn it gasteboek op de webside fan de VV Nijlân wurdt fansels al drok spekuleare oer de wedstriid fan sneon. Wolle je ek meidwaan klik dan hjir.

Nijs?
Hawwe jimme noch wat foar dizze side mail it ús op info@vv-sds.nl.