SDS-League: 3 wykpriiswinners, mar ‘Hup SDS’ noch boppe-oan!

Weppers moandei 3-10-2022
3 oktober 2022
SDS-bistedeiteam
4 oktober 2022

Dizze wike binne der mar leafst 3 dielnimmers mei likefolle punten. Sawol ‘Aan de kant ik moet naar het stadion’ fan Sjoerd van Beem, ‘Happy Feet’ fan Emke en Habtamu de Hoop as ‘FC Hallemamachies’ fan Stefan van der Velde hawwe 53 punten. Dat bestjut dat sy de wykpriis diele meie.
Foar Sjoerd kin de wike net mear stikken. Dik tefreden werom sjen op it Iepenloftspul yn Jorwert en no ek noch in wykpriis. Dizze iisko hat hy dik fertsjinne!

‘Hup SDS’ fan Grietzen Broersma stiet noch altiten boppe-oan, mar hat noch mar ien puntsje mear as Robert Hoekstra.

Okke van der Kamp hat mei syn ‘Brekken Boys’ in minne start. Hy stiet no ûnderoan, mar hat noch goed sicht op de konkurrinten, de 3 J’s,  Jelmer, Jens en Jasper.

SDS League 2022-2023 stand earste helte wike 3