Weppers moandei 3-10-2022

Al foar €10,- nei sc Heerenveen – PSV!
2 oktober 2022
SDS-League: 3 wykpriiswinners, mar ‘Hup SDS’ noch boppe-oan!
4 oktober 2022

Sneon 8 oktober

Nei sa ’n healsneon wêrby SDS 1, 3 en 4 net trochgienen binne je wol wer ris oan in échte sneon ta. Kommende sneon is it sa fier. SDS 1 thús tsjin DWP 1 om 14.30 oere en SDS 5 spilet de derby fan it jier tsjin SDS 4. DJ Jan-Bouke sil nei de tiid alles oanelkoar draaie.

De wike fan de skiedsrjochter

Dizze wike is it de wike fan de skiedsrjochter. Sy kinne sneon yn de bestjoerskeamer wat lekkers ferwachtsje.

Nije oanwinsten

De selksjes by de senioaren binne wat úttinne en dat betsjut dat der sneons wolris te min spilers binne. Dit moat oars fansels en efter de skermen wurdt dan ek hurd wurke om dit wer op peil te krijen. Dizze wik 3 fersterkingen. Sjoerd de Boer sil SDS 3 fersterke, Ate Schaap SDS 4 en good-old Dennis Dijkstra hat nei it SDS-jubileumtoernoai de smaak wer te pakken krigen, hat him wer oanmelden en sil by SDS 5 oanslúte.

Ynhelje

Foar de ôflaste wedstriden fan ôfrûne sneon is al in nije datum fûn. SDS 1 mei no op sneon 22 oktober de derby yn Nijlân spylje. SDS 3 spilet dan thús tsjin Sf Deinum 3.

sc Heerenveen – PSV

No ’t Cambuur mei 3-0 fan PSV wûn hat sil it by sc Heerenveen – PSV wol hielendal in doelpuntenfestijn wurde. En je kinne der al foar 10 euries hinne. Bestel hjir je kaarten.

SDS-Look-a-likes

Wy binne al wer drok dwaande mei de nije Treffer, dus ek mei de rubryk SDS Look-a-likes. Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd. Mail jim SDS-Look-a-like nei info@vv-sds.nl!

SDS-League

Wy hoopje moarn mei de nijste stân te kommen.

Harsens derby (2095)

Handich……