SDS-League: 27plussers pakke de wykpriis, 27minners ûnderoan…..

Foto’s mei Durk
28 februari 2021
Foto’s mei Hendrik
3 maart 2021

It binne dizze wike twa 27plussers dy ’t de wykpriis pakke. Sawol ‘CD Guadalajara’ fan Pieter Kamstra as ‘FC Systeemplafond’ fan Jacob-Klaas Haitsma pakke mar leafst 71 punten.
Sy dogge dêrmei goeie saken, want sy steane hjirmei ek lyk 2e en tredde wylst sy ferline wike noch op it 18e en 21e plak stienen.
‘FC Hallema’ fan Arjan Hallema stiet noch altiten boppe-oan.

Opfallend dat yn de wike dat de 27minners wer fuotbalje meie en de 27plussers net der allinnich mar 27plussers yn de top 10 steane! Of moatte wy ‘Wout’ fan harm-Auke Dijkstra by de 27minners rekkenje?

Toch apart! ‘Team KeJe 3’ stie 2e, ‘COVID-11’ stiet 12e en ‘Stim Habtamu de Hoop op 17 maart’ stiet 16e……..

‘Lekker Schuren’ fan Erik Haitsma hat no eindelijk ôfstân nommen fan ‘Fractievoorzitter PvdP’ fan Martijn Rispens. Twa wiken hienen sy likefolle punten. Dizze wike hat Erik eindelijk ien puntsje derby ‘schuurt’….. dat levert him dochs mar in kreas 38e plak op.

Foar de 27minners Wessel Schraa, Kevin Den Haan en Mark Klijnsma wie it wat in mindere wike. Sy geane wierskynlik fol foar it fuotbaljen by de O26, want mei ‘FC Mukkes’ giet it hurd minder. Sy steane no lêste mei 2 punten efterstân op ‘Dy Kloaten’ fan Thys Bruinsma.

SDS League 2020-2021 twadde helte stand wike 3