SDS EK-League! Doch ek mei!

Ôfskiedswedstryd Anne Brouwer!
31 mei 2016
Foto’s slotdei jeugd
31 mei 2016

Al docht Nederlân net mei oan it EK, wy geane der dochs wat aardichs fan meitsjen. Dêrom organisere wy ek wer in SDS EK-League. Dit kear net in online-fersje, mar lykas yn it ferline it makkelijkst en snelst yn te fullen mei de pinne.

It kostet €10,- per dielname en it prizenjild hinget ôf fan it tal dielnimmers.
It soe dochs aardich wêze as wy op in stik of 50 dielnimmers komme.

It dielnameformulier kinne jim hjir fine en útprinte. Der lizze tongersdei fêst ek wol wat formulieren yn de Jimbar of freegje Aant of Willem om in formulier. 
Jim kinne it ynleverje by Aant Hofstra, Pieter Kamstra of Willem Wijnia.
Dit graach foar freed 10 juny 18.00 oere.
Jim hawwe dus noch rom in wike!