Ôfskiedswedstryd Anne Brouwer!

Weppers sneon 28-5
28 mei 2016
SDS EK-League! Doch ek mei!
31 mei 2016



Op freed 10 juny organisearet SDS in
ôfskiedswedstryd foar Anne Brouwer!
Hy hat sa ‘n 25 jier leider west fan SDS 1 en dizze ôfskiedswedstryd
hat hy dan ek dik fertsjinne.

SDS 1 – âld-SDS 1

De wedstryd wurdt spile yn Easterein tusken it hjoeddeistige SDS 1 en in seleksje fan âld-SDS-spilers gearstald troch Anne.
De wedstryd begjint om 18.00 oere en sil om 19.00 dien wêze.
Dêrnei is der gelegenheid om efkes wat te drinken en is der in barbecue.

Mei dit formulier kinne je je opjaan foar de barbecue.
De barbecue giet los om in oer as 19.30 oere.
De kosten hjirfoar binne €10,-

Dizze barbecue is foar eltsenien dy ’t wat mei Anne hat. Supporters, spilers, âld-spilers, familie, freonen ensfh.
It liket ús moai dat alle spilers dy ’t ûnder Anne Brouwer fuotbald hawwe oanwêzich binne.

Graach opjaan mei help fan dit formulier
foar tiisdei 7 juny!