SDS A1 útskeakele

Dêr is de stip!!!!
1 januari 2004
De freonen fan SDS (6)
2 januari 2004

SDS A1 is tiisdei útskeakele foar it Frysk Kampioenskip futsal. Yn ‘e WZS hal yn Snits waarden sy fertsinstlik 2e yn ‘e poule. Krekt net genôch om de finale te heljen. Nijlân A1 waard earste yn ‘e poule mei in better doelsaldo as SDS. Tsjin Nijlân waard jammer genôch lyk spile. Dit ûndanks in grutte kans yn it lêst fan ‘e wedstriid. Winner fan it toernoai waard ferrassend RES A1. Yn in poule mei drege ploegen út Snits waarden sy knap earste. Yn ‘e finale wûnen sy nei in tige spannende wedstriid mei 1-0 fan Nijlân. Opmerklik by RES wie dat der in famke op ‘e goal stie die keepte as in grut keardel. RES mei no yn Frentsjer meidwaan yn ‘e finales om ‘e Fryske titel.