SDS 5 yn ôfwachting

Hege skores by jeugd
3 september 2003
SDS 1 seal wint wer
4 september 2003

De wedstriid fan RES V út Boalsert tsjin SDS V stie yn it teken fan twa saken.

In grut tal eigen 35 + spilers koe net meidwaan, (se moasten sanedich in ein rinne sûnder bal, se moasten sanedich hast 25 jier troud wêze), sadat der in berop dien wurde moast op de âlderein út it tredde en fjirde.

Wouter Hielkema, Friso Albada, Tjeerd Dijkstra, Anco Elgersma en Jan Keuning binne ek 35 of âlder en sjogge der yn alle gefallen sa út.

De twadde saak dy’t spile wie it doelsaldo. Om noch in kans te meitsjen om troch te gean, moast der wûn en flink skoord wurde.

Dat earste slagge, dat twadde net. Dochs hie dat wol kind. Der wiene tal fan kansen mar fierder as 4 doelpunten kaam SDS net. Ek Res skoorde 1 kear en mei in saldo fan +3 is de hoop net sa grut.

Doelpunten wiene der fan Bertus Bootsma, Eddy de Boer, Wouter Hylkema en Anco Elgersma.

En no mar ôfwachtsje, want hast alle oare wedstriden moatte noch spile wurde.