SDS 1 seal wint wer

SDS 5 yn ôfwachting
3 september 2003
Rekord op training
5 september 2003

It 1e sealteam fan SDS hat juster syn earste kompetysjewedstriid wûn. Yn in drege mar spannende wedstriid waard Flevo Boys yn Easterein mei 3-2 ferslein.

Flevo Boys hie foaral it smoar yn oer de 2 wedstriden fan foarich jier dy sy beide fan SDS ferlearen. Beide fansels yn hun eagen ûnterecht en mei hulp fan ‘e skeids. Sy wûnen dan ek beslist net ferlieze en dat wie te merken. It waard foaral in skaakspul. Der waard in soad spile op balbezit en Flevo Boys liet sjen in goeie ploech te hawwen. SDS koe de earste helte der muoisam trochhinne komme en stie by de rêst mei 1-0 efter.

De twadde helte wie itselde as de earste. De Emmeloarders lieten allinne no wolris in stekje folle. Lokkich genôch waard hjr goed gebrûk fan makke troch SDS. It wie Peter Sybesma dy ’t üt in moeilijke hoeke de 1-1 makke. SDS lette hjirnei efkes net op en stûn lyk wer mei 2-1 efter. SDS liet it der net by sitte en gie troch. Dit ûndanks de swiere fuotten dy ’t de measten oerhâlden hiennen fan de training fan it 1e fjildteam in dei derfoar. Tsjipke Okkema wie it dy ’t der 2-2 fan meitsje koe. Inkelde minuten foar tiid waard it sels noch 3-2 troch in bekeken punter fan Willem Wijnia. Sa bleaun it ek en de Emmeloarders mochten wer nei hûs sûnder punten en wer in frustraasje mear.

SDS 1 seal hie freed yn ‘e earste bekerronde mei 10-2 wûn yn en fan De Harkema.