SDS 5 wint yn Rottefalle

SDS D1 wint yn it hege noarden
19 oktober 2003
SDS 5 besoademitere
19 oktober 2003

Jacob Kangoeroeman hie de hiele wike goed oefene op it springkessen om heger springe te kinnen as de ferdwenen kangoeroe yn Rottefalle.

Boppedat hie hy hartefleis iten(foar in soepele draf) en hazzefet op de spieren dien foar snelle reaksjes. Per ûngelok wie der ek wat op syn mûle kommen sadat ek dêr dizze kear snelle reaksjes weikamen.

It die allegear wol fertuten. Yn de iene helte dat hy meidie, fleach hy fan foar nei efter en soarge der persoanlik foar dat de 0-2 ynkopt waard. In prima oanfal mei in prachtige foarset fan Bertus Bootsma. Dêrfoar hie Jacob al sjoen dat Eddy de Boer yn prima doelpunt makke nei oanjaan fan Aant.

Foar de thee waard it ek noch 0-3 troch ús ynfal Benjamin :Gerlof  Veldstra skoorde út in lange bal fan Jacob the Kangoeroeman

Elkenien wie it der oer iens dat dizze wedstriid wol te winnen foel. Doe’t Jacob noch ûnder de brûs stie makke Eddy der sels 0-4 fan, nei in prima aksje fan “dy âlde man” Klaas Okkema.

Alles like yn de knip mar Rottevalle kaam der 3 kear gefaarlik út en se skoorden ek trije kear. It publyk dat yn grutte getale oanwêzich wie, besocht mei in protte lawaai de lykmakker der yn te skreauwen mar Jacob stie ûnderwilens oan de kant en hy fitere ús wer op. En soks helpt meast wol. It bliuw 3-4 en 3 hiele moaie punten koene mei nei Easterein.

Ek mei nei Easterein gyngen de resten fan wat men dêr in gehakbal neamt, want de gehakballepriuwer Jacob Kangoeroeman hie der gjin goed wurd foar oer en ek gastspiler Marco Hoekstra (hy spile in prima wedstriid)  woe hast al freegje at er ek wat op de beskút krije koe.

SDS 5 stiet boppeoan en de gehakbollen yn de kantine fan BCV steane dat ek.