SDS D1 wint yn it hege noarden

SDS 2 net "top", mar wol troch yn de beker
19 oktober 2003
SDS 5 wint yn Rottefalle
19 oktober 2003

Bekerje yn it hege noarden!

Sneon 18 oktober moast SDS D1 foar de beker ôfreizgje nei Ternaard. Mei fjouwer auto’s en dus ek fjouwer sjauffeurs (Annette, Frank, Johan en Klaas) en de trainer Durk, mem Klaske en 12 spilers op paad. Yn de twadde helte kamen der ek noch by heit fan Wieren en de suster fan Jacob. Harstikke moai. Ek mar goed dat hja de earste helte net sjoen hienen want dat wie net sa best. De tarieding op de wedstriid wie goed mar we begûnen tige ûnrêstich. We kamen net yn it spul en twa hiele goeie spilers fan Ternaard bepaalden it spul. Lokkich makken wy de earste goal nei in snelle útfal fia de lofterside. Andries skoarde mei in moai bôgje yn de fierste hoeke. Oan de rest ta folhâlde en gjin goal tsjin krije. Jarco foel nei 5 minuten út troch in tik yn de bûk en dernei kramp.

Ludze kaam der yn. It gie allegear hiel muoisum mar ús keeper hold alle ballen goed tsjin. Fansels waard ien en oar efkes rjochtsetten yn de klaaikeamer en dat hat fertuten dien. Ek de spilers sels wienen it der wol oer iens dat de earste helte min wie.

In hiel oar spul de twadde helte. Posysjoneel stienen wy as hiel goed en it passen en rinnen yn de romte gie prima. Sa krigen we kâns nei kâns. Hoe in ferdigener spits wêze kin liet Eddy hjoed wer sjen. Op oanjaan fan Jacob koe hy de bal kreas yn it goal sjitte, 0-2. Efkes letter wie it 0-3 wer troch Eddy nei goed trochsetten by it ôfpakken fan de bal by d keeper. Dernei útspylje mei noch 5 minuten te gean. Ien lyts foutsje efteryn koste ús noch in tsjingoal. Mar we binne fjirder yn de beker. Hjoed misten wy Wytse (famyljedei) en de opstelling wie doe:

Andries Eddy Doede

Christiaan Jacob Anton/Jarco

Rutmer Elger Ludze

Jort

Thor

Lokwinske jonges.

KP.