SDS 5 besoademitere

SDS 5 wint yn Rottefalle
19 oktober 2003
SDS 2 tongersdeis langer traine
20 oktober 2003

SDS 5 leit út de bekerstriid. Dat is de tryste konstatearing nei it hearen fan de útslach Scharnegoutum – RES, in wedstriid dy’t op 18 oktober spile wurde moast.

Scharnegoutum moast mei in ferskil winne fan 6 doelpunten om in better doelsaldo te krijen as SDS.  

Op freed 17 oktober krigen wy út tige betroubere bron te hearen dat de wedstriid net spile wurde soe. De papieren soene wol ynfuld wurde mei in einstân fan ………6-0

Op sneon 18 oktober belje wy nei de kantine fan Scharnegoutum en op de fraach wat de einstân wurde is krije wy te hearen: “Dy hawwe net spile. Nee, dat wie hjir net.”

Wy : “witte jo dat wol seker”

Hy: “ik sil efkes neifreegje”

Hy komt werom mei it antwurd: “It is 6-0 wurden.”

Wy hawwe mar net mear frege at it in leuke wedstriid wie. It is ús wol dúdlik. Scharnegoutum hawwe de wedstriid tsjin Anjum op papier sette litten en no ek de wedstriid tsjin Res. En sokken wolle troch nei de twadde ronde. Bah.

It bestjoer fan SDS is ynljochte oer dizze saak. Sy sille der wurk fan meitsje.