SDS 5 los

SDS 1 seal wint ek yn Staphorst
18 november 2003
Samar in moandeitejûn
18 november 2003

SDS 5 hat ôfrûne sneon in goeie slach slein. Sels winne mei 4-1 fan Blija en de konkurrinsje ferliest. Noardburgum dat gelyk stie mei de âldtsjes hat ferlern fan Ryptsjerk en sadwaande stiet SDS 5 los. It ferslach fan sneon:

(15 novimber 2003)

 

Don’t wurry be Blija

 

SDS 5 hat wat mei Blija. De lêste wedstriid yn Blija stiet synonym oan in prima wedstriid en in goeie neisit yn in noflike kantine.

Dat Blija it fuotbal noch net ferleard hie die bliken. In goeie en sportive ploech dy’t him net samar oan de kant sette lit.

SDS 5 liket ek wat te snakken nei de winterstop want der binne tal fan blessures. Ype B., Ype T. , Klaas O., Stoffel B en Roel S. binne net fit, mar op karakter wiene der wol in oantal.

Ek Willem T. kaam dêr noch by.

Dochs stie SDS by de thee mei 1-0 foar troch in doelpunt fan Klaas Okkema (mei bril).

Nei de thee waard it 1-1 troch in misferstân tusken Jacob en Jaap.

Alles moast út de kast en troch Gerard Posthumus waard it 2-1 en 3-1 nei in pear prachtige oanfallen. Dat ek Knabbel yn syn eftertún noch in kear skoorde wie foar him prachtich, foar ús moai en foar Blija ferfelend. Mei in einstân fan 4-1 kin de kopposysje handhavene bliuwe.

Folkert Rients Vellinga wie der gelokkich ek wer ris by en it is wis dat hy de jûns op it podium yn de sporthal net folle sprints mear lûke sil by it optreden fan Sebeare, want hy hie in drege middei.

Kommende sneon spilet SDS 5 yn Easterein tsjin Suwâld 2. It begjint om 12.30 oere en der binne noch kaarten.