SDS 1 seal wint ek yn Staphorst

Wepperkes
17 november 2003
SDS 5 los
18 november 2003

SDS 1 seal hat justerjûn yn Staphorst mei 4-1 wûn fan ZVVS. Yn in drege wedstriid blike SDS de bettere. Man fan ‘e wedstriid wie Jan Simon Jelsma die 2 penalty’s kearde. Harm makke de earste goal mei in fraai lobke. Skelte makke de 2-0 mei in pleatst skot. Dit wie ek de reststân. ZVVS drukte hieltiten mear. Dochs makke Willem mei in punter de 3-0. ZVVS makke 3-1 en waard hielendal gefaarlik doe Peter der mei in giele kaart efkes ôf mocht. Jan Simon stie knap te keepen. Skelte makke der noch 4-1 fan en ZVVS kaam der net mear oan.

De 10e wedstriid op rige wûn en boppe-oan. At SDS de ynhelwedstriid fan Renado wint dan pakt SDS de 1e perioade. Wannear dizze wedstriid is is noch net bekend. Woansdei spylje de grutte konkurrinten WZS en Urk tsjin elkoar.