Chris Houtsma nei kermis troch 5 doelpunten soan

SDS 5 lêst fan fûgelpest
30 maart 2003
Wat hat Bert Rienstra mei Achlum?
31 maart 2003

22 maart                 SDS F1 – Blauhûs F1                7-2

 

Blauhûs wie de ploech wêr’t wy fan winne koenen en moasten. Oars sakken we wol hiel fier ôf yn de stân.

Ek no wer yn de earste helte wat in tam begjin fan SDS. De rêststân fan 1 – 1 wie dan ek terjochte.

Ik hie Jos tasein dat ik mei him nei de kermis yn Snits soe (oars ek wol)  as der 5 kear skoare soe.

Makket er, nei taktyske wiksels fan Syb F, of hy jout se wat yn de tee,  efterelkoar fjouwer goals troch passes op maat fan Joris. Mei die iene goal foar rêst, wiene dat er fiif krige ik letter yn ‘e gaten dus ik wie de sigaar.

Blauhús makke noch in hiel moai doelpunt mei in ôfstânpegel ûnder de latte en wy makken der noch twa.

Einstân 7-2. In moai resultaat mei in beste twadde helte fan ús. O ja, de ofstânpegel siet Richard (keeper) wat dwers. Hy kearde, grimmitich as der wie, alle penalty’s  fan Blauhús. Super!