Ofrûne freed hat de tuchtkommisje fan de KNVB útspraak dien yn de saak “Skearnegoutum”.
Troch papieren wedstriden te spyljen wie besocht SDS 5 (de feteranen) te wippen. Ek Anjum en Res binne no de dupe wurden fan dizze praktiken. Alle trije klups hawwe tajûn dat se ferkeard west hawwe en binne út de bekerstriid helle.
SDS 5 spilet de folgende wedstriid tsjin Minnertsgea. Wannear is noch net bekind.