SDS 4 wint yn nije sjurts

Wepperkes sneon
4 september 2004
Aantleaze wepperkes
6 september 2004

SDS 4 begjint mei oerwinning
Nei in oantal jierren fuotballe te hawwen mei bepaalde “figuren”komme je der wol efter werom se  op fuotbal sitte. Ik sil it jim fuort mar sizze, it giet om de gehaktballen.

Nei ôfrin wurdt de pleatselike kantine opsocht en wurdt frege at er ek gehaktballen binne. Sa ja, dan wurdt er oanstutsen, sa nee dan giet de reis nei Easterein. De gehakballen fine meast in goed plak want nei in ynspannende wedstriid ha je meast wol sin oan wat. Yn Achlum wiene se ree om it doarpshûs iepen te dwaan en om de fetpanne oan te setten. Sa koe SDS 4 nei in ynspannende en úteinlik in noch spannende wedstriid de bakkuensten yn Achlum te testen.

Haadtesters Eddy Knabbel de Boer en Jacob Plantinga kamen ta in 6 ½  foar de bal en in 8 foar de nútsjesmoarstip. Wat dit wurdich is, is fansels de fraach. Dat sil it seizoen útwize moatte. Oh, ja der is ek fuotballe. In klinkende 2-3 oerwinning mei doelpunten fan Knabbel en Babbel en Roel.

Fierders waard er foaral praten oer it Skylgewykein. Stikjes dy’t fuortwiene kamen mei help fan oaren werom. Mar dat it toernooi it fuotbaljend fermogen ferhege hat is dúdlik.

Foarôfgeand oan de wedstriid waarden de nije sjurtsje troch sponsor Ype Burggraaff útrikt. Hy die der sels ek ien oan. In komplimint oan it bestjoer: it binne prachtige sjurts.

Eddy de Boer krige XXXXL

De rest krige XL

De sjurtsje passe goed en sitte seker Ype T.net strak.