Wepperkes sneon

Utslaggen 4 septimber 2004
4 september 2004
SDS 4 wint yn nije sjurts
4 september 2004

SDS 1 yn de belangstelling
At je krekt profomeard binne dan is der oan it begjin fan it seizoen krekt efkes mear belangstelling. Sa wie it dus sneon ek, Omrop Fryslân kaam lâns yn de persoan fan âld SDS spiler Minne Hovinga. Nei in 4-0 oerwinning mocht Lyckle Bleekveld efkes foar de mikrofoan.

Skiedsrjochter
Anne Stenekes moat sa no en dan op sneonte moarn wurkje. It twadde spilet om 12.15 oere en dat is hast ier genôch. Sa koe hy gelokkich sneon mei SDS 3 nei ONS yn Snits. Anne, noch kreas yn it pak kaam dêr oan en waard gelyk steande holden mei de wurden: “Welkom, u bent zeker de scheidsrechter.”

F4 spilet in spektakulair duel.
Je binne krekt op fuotbal, traine is der noch net fan kommen en dan moatte je opiens op in sneontemoarn fuotbalje tsjin Foarút F3. Mei allegear memmen en heiten oan de kant fan beide side waard it in thriller. Seker foar dy heiten en memmen, want in útslach fan 7-7 krekt foar tiid like ek de einstân te wurden. It waard noch 7-8 foar Foarút en je koene merke dat sels de Menamers in gelykspul better foen hiene want dizze party fertsjinne gjin ferliezers.

Sjurtsje fraach
Wy fregen dizze wike wa’t yn it sjurt dan Burggraaff siet. It gie earst tusken Ype en Eddy mar ynienen kaam der noch in reaksje fan Klaas Pompstra binnen: hy miende Enne Johannes Bruinsma te herkennen. Wy sille no in ein meitsje oan it riedsel: it wie Ype.

Kenniskwis
Freedy Scheltema en Aant Hofstra hawwe it der al efkes oer hân wylst se by it fuotbal stiene te sjen. Der komt dizze hjerst wer in kenniskwis. Wierskynlik sil der wurke wurde mei foarronden om ta in finale te kommen. Ynkoarten hearre jim mear.