Aantleaze wepperkes

SDS 4 wint yn nije sjurts
4 september 2004
De nije SDS League
6 september 2004

Ferlern net wûn
SDS D2 hat sneon net mei 11-0 wûn fan , mar jammer genôch mei 11-0 ferlern. Dit lytse foutsje wie tusken de útslagen fan ôfrûne sneon slûpt.

Nijs út Spannum
Hjir noch wer ris in nijtsje út Spannum. No as ús reporter Hendrik E. net mear fuotballet ûntdekt der in soad nije dingen. Sa kaam hy it wykein mei dit nijs: “Hoe mear as je drinke yn ‘e kantine, hoe moaier de wyfkes wurde”. Wy woenen bewiis en dat hawwe wy krigen. Klik
hjir.

Net ûnderoan
SDS 2 is dan wol yn ‘e reserve-1eKlasse begûn mei in thúsnederlaag(1-3), ûnderoan stean sy net. SC Genemuiden ferlear ôfrûne sneon mei 10-1 fan HZVV. Lit Genemuiden no ek krekt de tsjinstânner wêze wêr as SDS 2 sneon hinne moat.

Net tefolle drinke?
By SDS 3 sitte 2 takomstich skoalmasters; Sjoerd van Beem en Jan Stenekes. Mei namme oan Sjoerd merk je al aardich dat hy de fruchten fan ‘e opleiding begjint te plukken. Hy hat sa no en dan best ferstândige opmerkingen. Sa sei der sneontemiddei tidens de rêst fan ‘e wedstriid ONS 3-SDS 3 wylst eltsenien goed wetter oan it drinken wie yn ferbân mei de waarmte; “jonges jimme moatte net tefolle drinke”. Ferskrikt seagen inkelde spilers fan SDS 3 op. Sy mienen dat sy hun frou hearden.

Sealfuotbalje
Dizze wike giet dan ek de kompetysje foar de sealteams fan start. SDS 2 debutearet fannejûn yn ‘e 2e Klas yn Hasselt tsjin ZVH. SDS 1 debutearet woansdei yn Menaam tsjin Foarút. SDS 3 begjint de kompetysje thús. Sy spylje woansdeitejûn om 20.00 oere tsjin Haskerland.

Nijtsjes?
De kommende dagen is Aant in blokje om mei de fyts tegeare mei de frou. Hy komt net earder as tongersdei wer thús. Nijtsjes moate jimme no dus wer gewoan maile nei
info@vv-sds.nl. Wy binne foaral benijd nei de wedstriidferslagen fan SDS 1,2,3,5 en de A1. Hâld hjoed dizze side yn ‘e gaten foar mear nijs.