SDS 4 (ein)

Futsal: SDS 1 rint út!
9 januari 2004
Klaas Okkema nije trainer SDS 2
11 januari 2004

De lêste út de searje fan 3:

SDS 4 wint op it Bildt

Wêr’t ik altyd mei einigje, woe ik no mar mei begjinne. Lieuwe van de Brug, Marco Hoekstra, Jappie Wijnia, Gerlof Veldstra, Gerrit Hingst em Pieter Kamstra, bedankt dat jim ús 4de dizze middei út de brân hlopen hawwe.

Omdat we nei Berltsum moasten siet de skrik er by ú4de al gau yn. We moastenm wer nei de Bildthoeke.

Nei de foarige konfrontaasje mei streekdoarp Minnertsgea hiene we konstateard dat de Bildtkers kondisjoneel meer lucht hiene. Dit makke sommige fêste waarden fan ús nochal kjel, De reden fan ôfberjocht wiene sterk: net fit, lêste keapsneon foar de kryst en âldjiersbuorrels (of de gefolgen dêrfan) Neidat ik de bû fan bouboeren skille haw mei de fraach at de bouboeren de skiepkes yn oktober ek al op it droege hiene, sei de man: “Ach nee manneke, we telen hier onder gras 15 uur per dag, 7 dagen per week.

Dit betsjutte dat der kânsen leine….

Yn ‘e earste helte koene we it ferskil noch net meitsje, wol krigen we kânsen, Yn’e twadde helte besoarge Pieter Kamstra Berltsum in swarte dei. Hy skoarde 0-1 en we goaiden it spul foar 2003 op slot.

Om toch wat regelmaat te hâlden yn myn stikjes woe ik, ek al is it noch mar healwei it seizoen, wat minsken bedanke. Us sponsor foar it betrouen,, frou Overal en har man foar it waskjen en Aant Hofstra en tank. Hy makket fan ús Fryske stikjes geef Fryske stikjes en typt alles foar ús omdat wy noch gjin typmasjine hawwe. Fanôf dit plak winskje ik út namme fan it 4de eltsenien in sûn en sportyf 2004.

 

Groetnis fan Evert