SDS 1 bliuwt yn ‘e race.

Wepperkes sneon
10 april 2004
SDS 2 wint op Stille Sneon
11 april 2004

SDS 1 hat juster mei 2-0 thús wûn fan Oostergo. Hjirmei bliuwe sy yn de race om it kampioenskip. Konkurrint en nûmer 1 Be Quick Dokkum wûn mei 2-0 by Bolswardia.

SDS hat noch altiten kans om gelyk te kommen mei Be Quick Dokkum. Sels winne is dêr it wichtichste. Tsjin WTOC slagge dat nei in minne wedstriid en it wie dizze sneon it selde gefal. In minne wedstriid mar wol 3 punten.

Sa no en dan wie it gefaarlik foar de goal fan Oostergo.

By it skoft wie it 1-0. In opmerklik doelpunt, omdat de skeidsrjochter fluite foar treuzeljen fan de doelman fan Oostergo (langer as safolle sekonden yn de hân) en út de frije traap flak by wie in tikkie nei rjochts genôch om Feite skore te litten(ûnderoan kinne jimme de goal nochris besjen).

Nei de thee moast de ploech út Ie mei in man minder fierder nei 2 giele kaarten. SDS kaam net mear yn ‘e problemen. In kertier foar de ein makke Hendrik wer ris in doelpunt. Mei 2-0 waard de wedstriid útspile.

Robert, Feite en Marco felisiteare Hendrik mei de 2-0

Mei noch 3 wedstriden te gean is der noch hoop. At it goeie spul ek noch werom komt yn 14 dagen dan kin Be Quick him mar klear meitsje.

Hjirûnder kinne jimme de 1-0 fan Feite nochris besjen. Klik hjirûnder mar ris (mei tank oan Rienk Wiersma). It bestand is ûngefear 1 Mb)

De 1-0 fan Feite de Haan (Foar Windows Media Player)
Docht dizze it net probearje dan dizze: Feite syn goal tsjin Oostergo