SDS 2 jout punten yn it lêst fuort

SDS 1 wint van Anjum
30 september 2003
Hjir de 1e stân fan ‘e SDS League!!
30 september 2003

Yn in spannende pot wer at de man yn it swart him sintraal sette koe en it twadde de punten net mei nei hûs ta nimme. Olde Veste, in technysk feardige ploech, hie it bettere fan it spul mar der berik je niks mei at je gjin kânsen krije. SDS die it goed en krigen de kâns wol, Robert skeat him strak yn de hoeke binnen it berik fan de keeper mar de bal lei yn it net, rêststân dus 0-1. Twadde helte mear druk fan Olde Veste mar op ‘e râne 16 hold it op en SDS koe sa no en dan gefaarlik kounterje mar helaas gjin goal. Yn blesure tiid sloech it noadlot toch noch ta troch it iets te let wezen fan ús oanfierder binnen de 16 lei us grutte freon him op ’e stip, 1-1. De skiedsrjochter staakte de wedstriid en hy sei dat SDS foar ien minút werom komme moast. Dit wie lokkich in grapke fan dizze humorist. (DWO)