Hjir de 1e stân fan ‘e SDS League!!

SDS 2 jout punten yn it lêst fuort
30 september 2003
Programma SDS dizze wike
30 september 2003

Nei myn fakansy is hjir dan einliks de nije stân fan de SDS League. It giet hjir om de stân fan foariche wike. De nijste stân komt ein dizze wike út. Dan binne wy wer op skema. Der dogge 90 teams mei en dat is neffens my net sa gek.
 
Wa’t no al op skema leit is “FC Yn ‘e Nok skrok” fan I.d.B. Hy stiet lyk te plak mei syn earste plakje en lyk ek de earste wykskore. Ek te plak stiet “Te Plak” fan A. en P.W. op it 2e plak. Tom hie dan ek in goed plak de ôfrûne wike.
 
“Mukkes”(MH) docht it ek noch net sa gek mei syn dielt 2e plakje lykas “The Butchers”fan L.B. At dy it krekt sa goed docht as syn droege woarsten dan komt it mei dat team ek wol goed.
 
Ûnderyn wer allegear (meastentiids) âlde bekinden lykas de “Feenstra Boys” fan SF út Boalsert(83e) en fan dy man út Grins “Oranje Nassau Groningen(BG, 87e).
 
Ûnderoan in wat jongere bekinde. Hy hat hjir foarich jier ek meastentiids stien mei syn “JP-Girls”. No hat hy de froulju feruile foar FC Etex. It giet noch net folle better en hy stiet dan ek lêst. Wol is hy dielt lêst mei “Super de Boer”(EdB), mar ja mei de supermerken giet it al in skoftke min.
 
Groetnis, Willem.
 
Hjir kinne jimme de nije stân fine: wike 1
 
Dit wienen de beste âlve fan wike 1: