SDS 1e ynternet-lid!

Programma SDS ‘ers dizze wike
28 juni 2004
Nij trainingsfjild
29 juni 2004

Juster hat foar it earst ien him fia ús oanmeldingsformulier op dizze webside oanmelden as “nij” lid fan SDS. Hy hie it noch leaver fia MSN dien, mar dat wie helaas net mooglik. Wy kinne him allegear wol. Hy komt út Wommels en hat nei in “Sabbatical jier” dochs besletten om de kicksen wer út de beam te skuorren en sy mar wer oan te lûken. Wy hjitte him fansels wolkom. Hy gie leaver net op ‘e foto, mar dochs hawwe wy noch ien fan him fine kinnen.


Ús earste ynternet-lid.

Mei tank oan http://www.sabetocht.nl