Programma SDS ‘ers dizze wike

Nije SDS-tenue
28 juni 2004
SDS 1e ynternet-lid!
29 juni 2004

Der wurdt kommende sneon fuotballe yn Dronryp om de Mid-Simmercup. SDS giet hjir hinne mei it 1e futsalteam. Dit team kent al inkelde oanpassingen. Der wurdt 5 tsjin 5 spile op in fjild sa grut ûngefear as yn ‘e seal. De regels binne ûngefear lyk as yn ‘e seal. It toernoai begiet om 14.30 oere en duorret oan ’t 20.00 oere. It wurdt fêst tige gesellich. Jimme kinne hjir klikke foar de yndieling.

Spiler fan SDS 4, Pieter-Liuwe van der Valk moat der sneon ek wer op ‘e kop foar. Hy moat yn Wolsum ride op ‘e autocross. Hooplik giet it better as de foarige kear.

In âld SDS-er, Neno Vietor earder út Itens no út Winsum spilet tiisdeitejûn yn de finale fan it iepen kampioenskip jeu de Pelote yn Easterlittens. Hy moat dan oantrede tsjin Easterlittens. In echte derby dus. It begjint dêr om 19.30 oere.