Nij trainingsfjild

SDS 1e ynternet-lid!
29 juni 2004
Wepperkes
29 juni 2004

De oanlis fan it nije trainingsfjild troch de stichting Skoalleseize is yn folle gang. Leanbedriuw Okkema makket oer-oeren. It is de bedoeling dat it fjild noch foar de boufak klear is. Der sil dan in pracht fjild lizze mei nije drainage en in earste klas toplaag. Ek stiet der in kompleet nije ljochtynstallaasje. It begjint ús no al te kriebeljen.


In fjild fan Easterein oan ’t Itens?

Der binne al ferskiedene rûntsjes riden mei de trekker.

Der wiene moai wat bulten om op te rêden.