SDS 1 troch yn neikompetysje

Nije stân SDS League: wike 12
20 mei 2003
SDS 1 folge fia ynternet
21 mei 2003

SDS 1 hat de twadde ronde helle fan ‘e neikompetysje. SDS ferlear dan wol mei 4-2 fan Marum, mar trochdat sy thús mei 3-0 wûn hienen is dit krekt genôch.

Op in tige wiit fjild yn Marum begie SDS goed oan ‘e wedstriid. SDS krige algau inkelde kansen en nei sa’n kertier waard it 0-1 foar SDS. Nei in goeie bal fan Gerrit Terpstra koe Tsjipke Klaas Okkema de foarset fan Wichard Deinum efter de keeper fan Marum sjitte. SDS drukte net rjocht troch en Marum seach kansen. It waard dan ek al gau 1-1. Marum drukte SDS mear en mear nei efteren. Marum makke nei in korner sels de 2-1 en SDS waard benaud. It begie hieltiten hurder te reinen en net allinne giele kaarten. SDS wie bliid dat sy mei dizze stân de rêst noch berikke koenen.

Nei rêst socht Marum lyk om de 3-1 en fûn dizze al nei sa’n 5 minuten. SDS wie noch net op ‘e oare helte west. Foar eltsenien like it dúdlik. SDS wie ryp foar de slacht. Tot Feite de Haan in frije traap nimme mocht sa’n 20 meter fan ‘e goal. Hy rekke de bal goed, mar hy wie te hâlden foar de keeper. Hy liet him allinne troch de fuotten rolje; 3-2. Hjirnei waard net allinne it waar noch minder, mar ek it spul fan Marum. Sy koenen net rjocht in fûst mear meitsje. Dochs makken sy sa’n 5 minuten foar tiid noch de 4-2. SDS rûn op syn lêste fuotten, mar helle dochs it ein fan ‘e wedstriid mei 4-2. Krekt genôch om de 2e ronde te heljen.

SDS komt nei 2 wedstriden goed fuort. Marum wie in goeie tsjinstânner en SDS wie net ûngelokkich. SDS sil al better spylje moatte om ek de finale fan ‘e neikompetysje te heljen.

By Marum fuotballen noch 2 âld SDS’ers. Ald-Wommelsers Klaas Tsjalsma en syn broer Eddy stienen yn ‘e ferdediging fan Marum.

Der wienen giele kaarten foar Wichard Deinum, Harm Stremler en Hendrik de Jong.