SDS 1 seal wurket oan it doelsaldo

Superspits wol yn it twadde
16 oktober 2003
Meinte Sixma tournoai tige slagge
16 oktober 2003

SDS 1 seal hat juster ek syn 7e wedstriid yn ‘e kompetysje wûn. Yn Espel waard mei 12-0 wûn. Dit wie net sa gek foar it doelsaldo.

SDS begie stadich oan en stie mei rêst mei 3-0 foar. Yn gefaar kaam SDS dan ek noait. Yn ‘e twadde helte wie it foaral Feite de Haan dy ’t aardich op dreef wie. Hy makke al syn 5 goals allegear yn ‘e twadde helte.

Folgende wike spilet SDS thús de topper tsjin RES. SDS stiet noch altiten boppe-oan lyk mei Urk. Grutte konkurrint fan foarich jier RES stiet 8 punten efter SDS mei ien wedstriid minder spile.

Doelpunten:
Feite 5x
Harm 4x
Peter 1x
Anne 1x
Tsjipke 1x