SDS 1 seal wint muoisum

Nije stân SDS League
9 oktober 2003
Ferslagen SDS 1 en A1
9 oktober 2003

It 1e sealteam fan SDS hie it woansdeitejûn dreech tsjin, de nûmer lêst, Lemsterland 3. It wie dan ek dúdlik net de ploech wer ‘t se tsjin spilen die ‘t nûmer lêst stienen. In Ton Haarman fan ONS die ûnder oare mei en hy sil net yn Lemsterlân 3 spylje. Sa wienen der mear, mar dat binne wy yntusken wol went fan Lemsterlân oansjoen foarich seizoen. Mei help fan it massaal opkommen publyk gie SDS de striid oan.

SDS wie der aardich op brânt om te winnen. Dit wie gau te merken. Lemsterlân trape ôf en SDS skoorde al nei 13 (!!!) sekonden troch Harm Stremler. Hy pakte de bal dus ôf en skeat op goal. Inkelde minuten skeat Willem Wijnia op ‘e peal. Lemsterlân hie noch gjin kâns hân en dochs skoorden sy nei sa’n tsien minuten. It wienen Peter Sybesma en Harm die ‘t der 5 minuten foar rêst 2- en 3-1 fan makken. Ek wie in goal net takind die ‘t neffens de measte spilers al oer de line west wie. Ien minút letter kaam Lemsterlân alwer wat tichterby mei de 3-2. Feite de Haan hie ien sekonde foar rêst de 4-2 op ‘e skoen, mar rekke de bal net lekker en skeat de bal krekt nêst.

De twadde helte begûn SDS wer sterk. It wie Feite de Haan die ‘t earst noch op de peal skeat nei in moai frije traap mei Willem. Efkes hjirnei wie it dochs Tsjipke Klaas die ‘t nei in aksje fan Willem de bal alline foar de keeper goed ynskeat. SDS koe net rjocht ôfstân nimme fan Lemsterlân. Sy makken dan ek al gau wer de 4-3. Peter makke de 5-3, mar lyk hjirnei wie ‘t wer 5-4. SDS bleaun rêstich en fielde dat sy dizze wedstriid net mear út hannen jaan mocht. Sawol SDS en Lemsterlân spilen beide efkes mei in man minder, mar doelpunten levere dit net op. 5 minuten foar tiid makke Feite de 6-4. Neidat Peter 5 minuten op de bank sitten hie om syn gele kaart, kaam hy der ien minút foar tiid wer yn. Hy krige lyk de bal fan Willem en makke de beslissende 7-4.
Peter Sybesma makke foar de 4e wedstriid efter elkoar 3 goals.

Dit bierke wie wol fertsjinne.
 Dit montagebedriuw kin alles, sels flagje.

SDS 1 hat no 6 wedstriden spile en hat alles noch wûn lykas Urk. Folgende wike moat SDS nei Espel ta. (WW)