SDS 1 seal wint en stiet allinnich boppe-oan

Harm-Auke "matchwinner" by SDS seal 2
23 oktober 2003
Sneon de paraplu mei?
24 oktober 2003

It 1e sealteam fan SDS hat juster mei 5-2 fan RES wûn. De wedstriid wie net altiten like goed, mar tsjin RES bliuwe it dochs wat spesjale wedstriden. Dit kear wie it de skiedsrjochter die ‘t wolris wat yn ‘e molke te brokkeljen hie.

SDS stie al gau foar. Harm Stremler makke nei 3 minuten de 1-0 en Peter Sybesma makke nei 7 minuten de 2-0. It begie der op te lykjen dat it krekt sa’n wedstriid wurde soe as foarich jier tsjin RES doe ‘t SDS RES oprolle mei 8-1. Dochs gie it al gau oars. Yn in poep en in skeet wie it wer 2-2 en koe SDS wer op ‘e nij begjinne. RES wist fansels presys hoe ‘t SDS fuotballet en it  wie foar SDS dan ek dreech om der trochhinne te kommen. By rêst wie it noch 2-2.

Nei de rêst begie de skiedsrjochter him der mei te bemoeien. Sawol by RES(3x)as by SDS(2x) gie der wol gauris ien út mei in giele kaart foar in oertreding(Jeroen Brouwer?) of praten (Anne Stenekes). It wie SDS die ‘t der 3-2 fan makke. Willem Wijnia krige de bal oanspile fan Anne. Hy hie de keeper yn ‘e rêch en skoorde mei in lullich hakje. Willem makke efkes letter ek de 4-2 op syn eigen manier (kont deryn, nei bûten draaie en yn ‘e fierste hoeke sjitte). RES kaam der noch wolris út, mar waard noait mear echt gefaarlik. It wie Peter die ‘t de 5-2 noch makke yn ‘e lêste minút. RES moast in korner hawwe, mar krige dizze net. Jan Simon Jelsma smite de bal lyk op Peter en allinne foar de keeper makke hy it slim ôf.

Foar SDS alwer de 8e wedstriid op rige dat sy winne. SDS stiet no eindliks boppe-oan oansjoen Urk fan ‘e wike foar it earst punten lizze litten hat(5-5 tsjin ZVVS). Urk hat foar de rest alles(6x) noch wûn. WZS hat 6x wûn en ien kear(fan SDS) ferlern. Folgende wike moat SDS nei Renado(Sint Nyk) ta. 12 novimber komt Urk op besite yn Easterein. Dizze wedstriid kinne jimme wol fêst yn ‘e aginda sette.

De stân (SDS-RES noch net meirekkene):

Bron: www.knvb.nl

SDS spilet woansdei 5 novimber thús foar de beker tsjin Ens.