Harm-Auke "matchwinner" by SDS seal 2

Ferslach SDS 2 fan ‘e coach
23 oktober 2003
SDS 1 seal wint en stiet allinnich boppe-oan
23 oktober 2003

It wie MKV wat yn ‘e earste helte al gau op in 3-0 foarsprong kaam. Der like foar SDS dan ek net folle mear te heljen yn Ljouwert. Dochs kamen sy noch werom yn ‘e twadde helte. It wie Jacob Oostra dy ’t der yn ‘e twadde helte 3-1 fan makke. Klaas van der Weg makke der sels noch 3-2 fan en de wedstriid waard suver spannend. MKV waard hieltiten nerveuzer mar liken dochs de 3 punten binnen te heljen. It wie Harm Auke Dykstra dy ’t der yn ‘e lêste sekonde dochs noch 3-3 fan makke en dermei in puntsje foar SDS 2 feilich wist te stellen.

 “Matchwinner” Harm Auke Dijkstra.