SDS 1 seal ferliest

SDS League: The Butchers pakt wykpriis.
27 november 2003
Nije trainer (4)
27 november 2003

SDS 1 hat juster foar it earst dizze kompetysje ferlern. Flevo Boys wie de sterkste yn Emmeloord. SDS ferlear mei 3-2.

SDS stie al gau mei 2-0 achter. Nei in kertier begienen sy pas te fuotbaljen en makke Robert Sybesma, nei in foarset fan Peter en in frije traap fan Willem, de 2-1 en 2-2.

De twadde helte soe it allegear wol goed komme. SDS fuotballe sterker en Flevo Boys rûn hieltiten fierder efterút. Mei in man mear koe SDS net skore. Flevo Boys makke sels de 3-2 doe sy krekt wer genôch man hienen. Harm miste noch in penalty. Ek Robert koe yn it lêst 2 moeilijke kânsen net mear benutte. Einstân 3-2.

No mar hoopje dat WZS moandei punten lizze litten hat tsjin ZVVS. SDS stiet dan noch boppe-oan.